Ynstellingsbeslút Stjoergroep desintralisaasje Fryske taal nei de provinsje Fryslân ta
- BWB-id
- BWBR0025937
- Type
- ministeriele-regeling
- Ministerie
- Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties
- Geldigheid
- 2009-06-13 t/m 2013-06-30
Wetstechnische informatie / identifiers
- BWB-id
- BWBR0025937
- ELI
- /eli/nl/ministeriele-regeling/2009/ynstellingsbesl-t-stjoergroep-desintralisaasje-fryske-taal-n
- ELI (gepinde datum)
- /eli/nl/ministeriele-regeling/2009/ynstellingsbesl-t-stjoergroep-desintralisaasje-fryske-taal-n/2009-06-13
- JCI 1.0 (vindplaats)
- wetten.overheid.nl/1.0:c:BWBR0025937&g=2009-06-13
- JCI 1.3 (citatie)
- jci1.3:c:BWBR0025937&z=2026-06-06&g=2009-06-13
- Op wetten.overheid.nl
- https://wetten.overheid.nl/BWBR0025937/2009-06-13
Absolute ELI: /eli/nl/ministeriele-regeling/2009/ynstellingsbesl-t-stjoergroep-desintralisaasje-fryske-taal-n
Artikel 1 — Kêst 1#
Kêst 1 Yn dit beslút wurdt ferstien ûnder: a. stjoergroep: Stjoergroep desintralisaasje Fryske taal nei de provinsje Fryslân ta; b. bestjoersakkoart: bestjoersakkoart Ryk-provinsjes 2008–2011; c. Minister: de Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes; d. Steatssiktaris: de Steatssiktaris fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes. 2009 105 11-06-2009 26-05-2009 2009-0000245306 2009 105 11-06-2009 26-05-2009 2009-0000245306 13-06-2009
Artikel 2 — Kêst 2#
Kêst 2 Der is in Stjoergroep desintralisaasje Fryske taal nei de provinsje Fryslân ta. 2009 105 11-06-2009 26-05-2009 2009-0000245306 2009 105 11-06-2009 26-05-2009 2009-0000245306 13-06-2009
Artikel 3 — Kêst 3#
Kêst 3 1 De stjoergroep hat as taak om in neiere útwurking te jaan oan de ôfspraak oangeande de Fryske taal, lykas dellein yn it bestjoersakkoart, en dêrta: a. konkrete útstellen te dwaan om rykstaken en -foech op it stik fan de Fryske taal safolle mooglik te desintralisearjen nei de provinsje Fryslân ta, wêrby’t de gearhing tusken beliedsromte en finansjele ferantwurdlikheid in útdruklik punt fan omtinken by wêze sil; b. konkrete útstellen te dwaan foar de operasjonalisearring fan in gearhingjende desintralisaasje en koördinaasje fan taken en foech dy’t mei de Fryske taal ferbân hâlde. 2 De stjoergroep wurdt frege om op syn lêst 1 jannewaris 2010 te rapportearjen oan de Minister en de Steatssiktaris, de oare oanbelangjende bewâldspersoanen en oan it kolleezje fan deputearre steaten fan de provinsje Fryslân. 3 Nei it útbringen fan it rapport hâldt de stjoergroep op te bestean. 2009 105 11-06-2009 26-05-2009 2009-0000245306 2009 105 11-06-2009 26-05-2009 2009-0000245306 13-06-2009
Artikel 4 — Kêst 4#
Kêst 4 1 De stjoergroep bestiet út de neifolgjende leden: – de hear mr. R.J. Hoekstra (foarsitter) – frou drs. M.J. Sanders-ten Holte – de hear prof.dr. J. de Ridder – frou drs. M.C.M. Waanders – de hear prof.dr. P.J.J. Zoontjens – de hear dr. R. Bagchus 2 De Minister beneamt en ûntslacht de foarsitter en leden fan de stjoergroep. 3 It skriuwerskip fan de stjoergroep wurdt fersoarge troch de hear dr. M.H. Klijnsma, haad fan it kluster Kwaliteit en Kaderstelling Bestjoer fan it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes, en de hear drs. S. Akkerman, haad fan de ôfdieling Kultuer, Taal & Underwiis fan de provinsje Fryslân. 4 It skriuwerskip wurdt by it útoefenjen fan syn taak streekrjocht oanstjoerd troch de stjoergroep en docht syn wurk ûnôfhinklik fan de oanbelangjende bewâldspersoanen en it kolleezje fan deputearre steaten fan de provinsje Fryslân. 5 De stjoergroep kin, yn oerienstimming mei de bepalings fan dit beslút, syn wurkwize en dy fan it skriuwerskip regelje. 6 Argyfwet 1995 Argyfbeslút 1995 It behear fan de stikken dy’t ferbân hâlde mei de wurksumheden fan de stjoergroep bart yn oerienstimming mei de behearregels, op grûn fan deen it. De oanbelangjende stikken wurde nei it beëinigjen fan de wurksumheden oan it argyf fan it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes oerdroegen. 2009 105 11-06-2009 26-05-2009 2009-0000245306 2009 105 11-06-2009 26-05-2009 2009-0000245306 13-06-2009
Artikel 5 — Kêst 5#
Kêst 5 Foar syn wurksumheden kriget de foarsitter fan de stjoergroep in fergoeding fan € 332,– de gearkomste. Foar harren wurksumheden krije de leden fan de stjoergroep dy’t dêrfoar yn ’e beneaming komme, in fergoeding fan € 256,– de gearkomste. 2009 105 11-06-2009 26-05-2009 2009-0000245306 2009 105 11-06-2009 26-05-2009 2009-0000245306 13-06-2009
Artikel 6 — Kêst 6#
Kêst 6 Dit beslút giet yn op de twadde dei nei de datum fan de Staatscourant dêr’t it yn pleatst wurdt. 2009 105 11-06-2009 26-05-2009 2009-0000245306 2009 105 11-06-2009 26-05-2009 2009-0000245306 13-06-2009
Artikel 7 — Kêst 7#
Kêst 7 Dit beslút wurdt oanhelle as: Ynstellingsbeslút Stjoergroep desintralisaasje Fryske taal nei de provinsje Fryslân ta. 2009 105 11-06-2009 26-05-2009 2009-0000245306 2009 105 11-06-2009 26-05-2009 2009-0000245306 13-06-2009